Fjoertoerljocht Amelân himmele

de fjoertoer by Hollum
It grutte ljocht fan de fjoertoer op it Amelân is út foar ûnderhâld. Ek wurdt it ljocht skjinmakke.
Der baarnt noch wol ljocht op de toer. Oan de noard- en súdkant binne lampen delset dy't itselde ljocht jouwe as de grutte lampe. Se jouwe yn 15 sekonden trije ljochtflitsen. Dêrnei is it wer acht sekonden tsjuster. Takom tongersdei moat de grutte lampe wer oangean.