Gemaal Lauwersmar goedkeaper

© Omrop Fryslân
De bou fan in nij gemaal foar de Lauwersmar kin miljoenen euro's goedkeaper útpakke as der boud wurdt op it plak fan de hjoeddeiske spuisluzen. Dat docht bliken út in helberensûndersyk.
Sa is der gjin nije dyktrochbraak nedich. Ek oare foarsjennings binne der al. Ek hoecht der net yn ien kear ien grut gemaal te kommen. It foardiel kin wol oprinne nei mear as tweintich miljoen euro.