Fryske shorttrackers goed

Sjinkie Knegt (foto: Martin de Jong)
De trije Fryske shorttrackers hawwe it freed op de earste dei fan de wrâldbekerwedstriid op it Hearrenfean goed dien. By de manlju pleatsten Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma harren foar de herkânsing op de 1000 meter. Sneon moatte se besykje om harren te pleatsen foar it haadprogramma.
By de froulju waard Maaike Vos twadde yn har searje op de 500 meter. Troch har flugge tiid pleatste se har daliks foar de kwartfinales.