Ljouwert wol LED-ljocht

Ljouwert wol, krekt as yn Ketlik, begjinne mei in proef mei in oar soart ferljochting. Yn Ketlik rint no in proef wêrby't der minder ljochtskynsel is, mar dêr binne de ynwenners der net sa bliid mei.
Ljouwert wol yn de hiele stêd LED-ferljochting hawwe. Gebouwen lykas it stêdhûs hawwe dat no al, mar ek de iepenbiere ferljochting moat aanst LED wurde. LED-ferljochting is goedkeaper is en better foar it miljeu.