MRSA-besmetting yn MCL

Twa meiwurkers fan it MCL binne besmet mei de MRSA-baktearje
Twa meiwurkers fan it MCL binne besmet mei de MRSA-baktearje. Se binne nei hús stjoerd foardat se oare minsken oanstekke kinne. It MCL sil dizze wike alle meiwurkers fan de operaasjekeamers kontrolearje.Alle operaasjes geane wol gewoan troch.
Foar sûne minsken is in MRSA-baktearje net gefaarlik, mar wol foar minsken dy't in swakke sûnens hawwe of bygelyks herstelle fan in operaasje of ynfuzen hawwe.