Frachtwein rydt op auto's yn

© Omrop Fryslân
By de Keningsbrêge yn Harns is freed in slim ferkearsûngelok bard. In frachtwein is dêr op in oantal auto's ynriden dy't nei alle gedachten stiene te wachtsjen foar de brêge. De sjauffeur fan de auto dy't as earste rekke waard rekke beknipe en leit mei slimme ferwûnings yn it sikehús.
Yn de auto dêrfoar sieten 3 minsken dy't ek troch de brânwacht út de auto helle wurden moasten. De slachtoffers binne net yn libbensgefaar.