De Jong slút deal foar 5 films

Steven de Jong yn de rol fan heit Klinkhamer yn de Kameleonfilms
Regisseur Steven de Jong hat mei produsint Bridge Entertainment/FMG in kontrakt sletten foar fiif films. It is it doel om de kommende 3 jier fiif films te meitsjen foar in bedrach fan meiïnoar 15 miljoen euro.
Ien fan dy films wurdt De Hel van '63 oer de swierste Alvestêdetocht út de skiednis. Fierder sille de partners ek noch in western meitsje. In kontrakt foar 5 films yn ien kear is útsûnderlik yn de filmwrâld.