C'buorren wol gau wyksintrum

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter wyk Camminghabuorren wachtet al 6 jier op de fan in multifunksjoneel sintrum. De gemeente hat de wyk sa'n sintrum tasein. Mar it stiet der noch net, benammen omdat der te min jild is. Yntusken moast de wykferiening al 70.000 euro weromjaan oan it Oranjefonds.
De gemeente seit dat de plannen foar it wyksintrum hast klear binne. Trochdat bouwe djoerder wurden is, is der noch wol in finansjeel gat.