Plasterk wol útlis fan CHN

Minister Plasterk wol opheldering fan de Kristlike Hegeskoalle yn Ljouwert oer it winnen fan nije studinten troch it fuortjaan fan prizen lykas in reis nei Súd-Afrika of in jûn yn it kasino.
De CHN hopet sa mear studinten te lûken, mar minister Plasterk neamt dizze metoade 'maatschappelijk ongewenst'. De HBO-raad is ek kritysk. De CHN neamt alle krityk 'ûnsin'. It is net dúdlik hoefolle studinten op it oanbod yngien binne.