Olympysk keatse en fierljeppe

It keatsen en it fierljeppen moatte demonstraasjesport wurde op de Olympyske Spelen fan 2028. Dat wolle it keatsbûn KNKB en it fierljepbûn. It ryk en sportkoepel NOC/NSF wolle de simmerspelen yn 2028 nei Nederlân helje.
Yn 1928 wie it keatsen ek al demonstraasjesport. Njonken Fryslân wurdt der ek keatst yn België, Súd- Europa en Súd-Amearika. Fierljeppe is sa ynternasjonaal net.