Wer hurdfarre yn Alde Feanen?

© Omrop Fryslân
It moat wer tastien wurde om hurd te farren yn 'e omkriten fan it nasjonaal park De Alde Feanen. Dat fynt de plysje Fryslân. No farre speedboaten te faak te hurd yn it park. Dat is net allinnich net goed foar de natuer, it soarget ek foar gefaarlike sitewaasjes op it wetter.
De plysje tinkt dat it Djippe Gat by it Prinses Margrietkanaal by Burgum in goed plak wêze kin om it hurdfarren ta te stean.