PvdA yn aksje foar sjauffeur

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Harns freget de eigen Twadde Keamerfraksje yn in brief om help foar frachtweinsjauffeur Klaas-Jan Bolt. De Harnser sit al 3 jier yn in Frânske sel. Bolt wurdt fertocht fan drugssmokkel en wachtet op syn rjochtsaak.
Neffens de PvdA yn Harns is it mooglik dat Bolt syn foararrest yn Nederlân útsit. De keamerfraksje wurdt frege om him dêr foar yn te setten by minister Hirsch Ballin fan Justysje.