Boek mei skilderijen De Vries

Sjoerd de Vries by ien fan syn wurken
Der komt in boek mei ûnbekend wurk fan skilder Sjoerd de Vries. Utjouwer en antikêr Steven Sterk is op syk nei minsken dy't wurk fan de skilder ha. Der binne al wol boeken oer Sjoerd de Vries, mar dêryn steane hieltyd deselde, bekendere wurken fan de skilder. Hy is yn 1941 yn Aldehaske berne.
It ûndersyk nei alle wurken fan Sjoerd de Vries sil in jier duorje.