Duorsum bouwe Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
De gemeente Skiermûntseach wol it duorsum bouwen stimulearje. Dat stiet yn it miljeuplan foar de kommende jierren. Skiermûntseach wol sels it goeie foarbyld jaan troch by nijbou of ferbou fan gemeentlike panden ek duorsum te wurkjen.
De gemeente wol ek mei de wenningkorporaasje prate oer de bou fan 30 nije hûzen op it eilân. Mooglik dat dy hûzen ek neffens it prinsipe fan duorsum bouwe delset wurde kinne.