Dunen skansearre troch stoarm

Op it Amelân, Flylân en Skiermûntseach hawwe de dunen skea oprûn troch de stoarm. Op Skylge falt dat ta omdat it strân dêr folle breder is.
Op it Amelân is it strânpaviljoen by Buren teheistere troch it seewetter. Foaral it terras hat skea, trochdat golven de terrasplaten fuortslein hawwe.