Transportbedriuw HTO fallyt
Transportbedriuw HTO út Wolvegea is tongersdei fallyt ferklearre troch de rjochtbank yn Ljouwert. Dat meldt it fakbûn CNV. Der komme 35 minsken op strjitte te stean.
It bedriuw ferhuze ferline jier fan Holwert nei Wolvegea fanwege de sintralere lizzing fan it plak. De direksje wol neffens it CNV sa gau mooglik in trochstart meitsje.