AH noch net yn Thalenpark

Der is noch gjin beslút nommen oer in tydlike Albert Heijn-supermerk yn it Thalenpark yn Drachten. Dat skriuwt de gemeente Smellingerlân oan de omwenjenden fan it park.
De AH hat ferfangende romte nedich om't de besteande supermerk oan it Raadhuisplein ferboud wurde sil. Dêr rint noch in rjochtsaak oer tusken AH en de eigner fan it gebou. Pas as dêr dúdlikens oer is, nimt de gemeente in beslút oer de tydlike lokaasje.