"Eigen risiko ôfkeapje"

© Omrop Fryslân
De Snitser PvdA-fraksje wol it eigen risiko fan de soarchfersekering ôfkeapje. Alle jierren slút de gemeente in kollektive fersekering ôf by soarchfersekerder De Friesland. Alle ynwenners mei in ynkommen fan maksimaal 125% fan de bijstânsnoarm kinne hjir gebrûk fan meitsje.
Fan 1 jannewaris ôf krije alle fersekerden in eigen risiko fan 150 euro. De PvdA is benaud dat minima dan net nei de dokter of sikehûs geane.