Jong Hearrenfean ferliest

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC Hearrenfean ha moandeitejûn ferlern fan AZ. Yn Alkmaar waard it 2-1.
De Italiaan Pellé makke yn de 39ste minuut de 1-0. Fuort nei it skoft brocht Timmy Johansen Hearrenfean wer njonken AZ; 1-1. Fiif minuten foar tiid makke Mounir El Hamdaoui de winnende treffer. Jong Hearrenfean hat no njoggen punten út sân wedstriden. Takom wike spilet de ploech thús tsjin Vitesse.