Ideeën frege oer Fiskerijdagen

Ideeën frege foar Harnzer Fiskerijdagen
De organisaasje fan de Fiskerijdagen yn Harns hat al in tal goede ideeën foar de folgjende edysje. Dy ideeën ha se krigen fia in ynternetenkête op har site. Dy is goed in wike yn de loft. Ien idee is bygelyks it organisearjen fan in taptoe.
It 'Comité Visserijdagen' wol graach witte wat al dy tsientûzenen besikers fan it evenemint fine. De Fiskerijdagen duorje fjouwer dagen en binne ein augustus.