Grutte brân op It Hearrenfean

der wie grutte brân by Portena op It Hearrenfean
Op It Hearrenfean is sneintejûn it transport- en feembedriuw fan Portena yn 'e brân rekke. De earste melding fan dizze grutte brân kaam om kertier foar tsienen. Om healwei ienen wie de brân ûnder kontrôle.
De brânwachtkorpsen fan Hearrenfean, Nijehoarne, De Jouwer en Drachten ha foarkaam dat it fjoer oersloech fan de garaazje nei in grutte opslachloads. Der leine 16.000 pallets mei iten. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.