Brânfertochte foarearst frij

In 20-jierrige fertochte út Sondel fan brânstichting yn in wenhûs yn Wikel is wer frijlitten. Hy siet foarriedich fêst. It gerjochtshôf yn Ljouwert sjocht gjin reden de man noch langer fêst te hâlden. It Iepenbier Ministearje set it strafrjochtlik ûndersyk tsjin de man wol troch.
De fertochte waard begjin septimber oppakt. Yn febrewaris is er ek alris oanhâlden, mar doe wer frijlitten fanwege te min bewiis.