Eelke van der Wal hat nij team

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Eelke van der Wal fan Holwert giet nei it KrolstonE Continental team. Hy wol troch goeie prestaasjes yn dat team him pleatse foar de Olympyske Spelen yn Peking. Hy makket kâns om him te pleatsen foar it ûnderdiel ploege-achterfolging, mar der binne in soad oare hurdfytsers dy't ek gading meitsje.
De 26-jierrige Van der Wal ried it ôfrûne jier foar it P3 Tranfer-Fondas team.