"Oven Harns kin skjinner"

Foto: Argyf
Tsjinstanners fan de ôffaloven dy't ferwurker Omrin yn Harns bouwe wol, sizze dat dy oven mear smoargens útstjit as ferâldere ôffalovens. De twadde miljeu-effektrapportaazje (MER) lit soks sjen, sizze de stichting Afvaloven_Nee en de Waadferiening.
Beide organisaasjes hawwe in yngenieursbedriuw nei de MER sjen litten. Dat buro skriuwt dat der oare techniken binne dy't foar in skjinnere útstjit soargje.