Judkovskaja wol lokaasjeteater

Ira Judkovskaja mei Tryater-foarsitter Bearn Bilker
De nije artistyk lieder fan Tryater wol wer grutte lokaasjefoarstellings meitsje. Ek wol se har ynsette foar muzykteater en jongereinteater. Judkovskaja wol sa it besteande publyk fêsthâlde en besykje om nije groepen foar teater te ynteressearjen.
De fan oarsprong Russyske is gjin ûnbekende by Tryater. Se regissearre earder al de foarstellings Blowing en Polaroid. Mei 32 jier is Judkovskaja de jongste artistyk lieder fan it lân.