Utstalling mei guod Snitsers

dit is ien fan de saken dy't de Snitsers foar de útstalling ynlevere ha
Snits wol mei syn ynwenners in útstalling meitsje oer de skiedenis fan de stêd. Foto's en âlde saken binne wolkom. Al it guod wurdt útstald yn in saneamde 'Wall of Fame' tsjin in muorre fan it âlde-Waltaplein.
In earste oprop om saken yn brúklien te jaan hat al aardich wat histoarysk guod opsmiten. Wa't noch meiwurkje wol, kin oant heal novimber guod oanleverje.