ONS spilet lyk tsjin DOS

Byld fan de wedstriid ONS - DOS
Sneonshaadklasser ONS spile op it eigen fjild yn Snits mei 0-0 lyk tsjin DOS Kampen. Yn in net al te spektakulêre wedstriid wienen de doelpunten djoer. Sawol yn de earste as yn de twadde helte wienen wol wat kânsen foar beide ploegen, mar der foelen gjin doelpunten.
Yn it lêste part fan de wedstriid spile ONS mei tsien man. Siebold Jellema koe net fierder spylje fanwege in hamstring-blessuere.