Flyers winne fan Nijmegen

Yn in net al te bêste mar wol spannende bekerwedstriid ha de Vadeko Flyers freedtejûn mei 2-1 wûn fan de Nijmegen Devils.
Erik Landman makke yn de twadde perioade de iepeningstreffer. Nei 60 minuten wie it 1-1. Yn de earste minút fan de ekstra tiid makke de Rus Andrei Levitin de winnende treffer foar de Feansters.