Den Helder te sterk foar Aris

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland hawwe tongersdeitejûn mei 105-102 ferlern fan Den Helder. It wie in spektakulêre wedstriid, dêr't beide ploegen yn fergetten te ferdigenjen. Dêrtroch rûn de skoare heech op.
De Ljouwerters krigen ûnder oaren 15 trije punters om de earen. Benammen Dane Bradshaw fan Den Helder wie in pleach foar de Aris-definsje. Topskutter oan de kant fan Aris wie Roy Booker mei 28 punten.