Fryske tsizen yn 'e prizen
By de regionale tsiiskeuring foar Noard-Nederlân binne woansdei yn Olderbroek by Swol twa Fryske bedriuwen yn de prizen fallen. Yn de kategory Jonge tsiis wie de priis foar tsiisbuorkerij De Gelder fan De Tynje.
De bêste babytsiis, dus lytse tsiis, kaam fan Tsiisbuorkerij De Deelen ek fan De Tynje. Beide tsizen krigen fan de faksjuery it sifer 9,5.