Zwaagwesteinde wurdt Westereen

© Omrop Fryslân
As Dantumadeel Fryske plaknammen ynfierd, moat Zwaagwesteinde net de Westerein wurde mar de Westereen, sa as de Westereinders dat sizze.
Dat is ien fan de útkomsten fan de grutte doarpsenkête dy't ûnder de ynwenners hâlden is. Tritich persint fan de ynwenners fulde de fragelist yn. Guon útkomsten wurde no gelyk al útwurke: omdat in soad âlderen ferlet ha fan in kompjûterkursus, wurdt dy op koarte termyn opset.