Graffityspuiters oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn trije ynwenners fan Damwâld fan 16, 18 en 19 jier oanholden fanwege it spuitsjen fan graffity. De trije hienen yn har wenplak graffity spuite op it weidek fan de Doniawei, op in wyt fytserek, in ferkearsboerd en in ynformaasjeboerd.
Yn de Blauhússtrjitte waarden de trije fûn en oanholden. Ek de spuitbussen binne fûn. De trije binne ferheard en ha bekend.