Lykspul foar SC Cambuur

© Omrop Fryslân
Sportclub Cambuur is de tredde perioade yn de Jupiler League begûn mei in 1-1 lykspul tsjin Helmond Sport. De Ljouwerters kamen yn de earste helte op achterstân troch in dubieuze goal. Jordan Remacle skoarde, mar hy krige de bal fan Junqueira. Dy stie neffens Cambuur bûtenspul.
Yn de twadde helte skoarde Rachid El Khalifi nei in grutte blunder fan keeper Robert van Westerop. De 1-1 stân bleau stean oant de ein.