De Haan yn petear mei Aissati

Ismael Aissati
Bûnskoach Foppe de Haan wol ynkoarten in petear mei Ismaël Aissati. De spiler stelt him net mear beskikber foar Jong Oranje en it Olympysk alvetal, omdat hy teloarsteld is yn De Haan. De bûnskoach selektearde Aissati net foar de lêste wedstriden.
De Haan begrypt de teloarstelling fan Aissati, mar hy seit wol dat Aissati de lêste tiid net folle spile. "En dan moat ik kieze, dat heart by it libben", sa seit de bûnscoach.