Lûdswâl bij Drachten fersakke

© Omrop Fryslân
De lûdswâl tusken de Wâldwei en it nijbouplan Vrijburgh yn Drachten is oer sa'n 50 meter fersakke. De wâl leit der al in skoftsje mar hat koartlyn in ôfwurklaach krigen.
De wâl is nei alle gedachten wat te steil ôfwurke, mar it kin ek wêze dat de opbrochte grûn te wiet west hat. De gemeente Smellingerlân is der net fan skrokken. Soks gebeurt wol faker. De ôfwurklaach wurdt ynkoarten opnije bewurke.