Broer en sus winne maraton

Elma en Bob de Vries (foto's Martin de Jong)
Elma de Vries fan de Haule is sneon op it Hearrenfean earste wurden by de maraton yn iisstadion Thialf. Se wûn de sprint fan it peloton en wist dêrtroch Daniëlle Bekkering en Maria Sterk achter har te hâlden.
By de manlju wûn Bob de Vries, de broer fan Elma. Twadde waard Rob Hadders en tredde Douwe de Vries. Broer en sus de Vries geane nei twa wedstriden oan de lieding yn it klassemint om de KNSB-cup.