Ritsma rydt de 1500 net

Rintje Ritsma lit de 1500 meter sjitte en rydt net op it NK ôfstannen (foto: Martin de Jong)
Reedrider Rintje Ritsma docht net mei oan de seleksjewedstriid op de 1500, foar it NK ôfstannen. Dy wurde sneontemiddei ferriden yn iisstadion Thialf op it Hearrenfean.
Ritsma die tongersdei wol mei oan de fiif kilometer, mar slagge der doe net yn om him te kwalifisearen foar de ôfstânskampioenskippen. Dêr soe er him dan pleatse moatten ha foar de wrâldbekerwedstriden. Dy mist Ritsma no dus ek.