Afonso 9 grut nijs yn Brazilië

© Omrop Fryslân
Sân goals yn ien wedstriid is ek yn Brazilië grut nijs. Afonso Alves waard tiisdei bestoarme troch de parse doe't hy oankaam yn it treningskompleks fan it Braziliaanske fuotbalbûn. Dat wie foar it earst, want oars giet alle oandacht nei stjerren as Ronaldinho.
Al dy belangstelling wie bot wennen foar Alves. Hy ferklearre dat syn team snein 'hiel goed spile' en dat er der net fan útgiet dat hy sneon tsjin Kolombia yn de basis stiet.