Reaksjes op opstappen Nijpels

© Omrop Fryslân
De provinsjale polityk hat mei fernuvering en begryp reagearre op it beslút fan Kommissaris fan de Keninginne Nijpels, om op te hâlden.
De beide grutste fraksjes yn de steaten -it CDA en de PvdA- hawwe al sein dat sy net wer in kommissaris fan de VVD hawwe wolle. Se fine it logysker as der in kommissaris komt fan it CDA of de PvdA. De Deputearren begripe de stap fan Nijpels wol, om fuort te gean fanwege syn frou.