Plomfeefanger wol ferhûzje

© Omrop Fryslân
Plomfeefangbedriuw Van der Veen op de Harkema wol ferhûzje. It bedriuw sit yn no noch in wenwyk, mar wol nei bedriuweterrein de Bosk. Van der Veen hat dêr ek al in gebou.
De gemeente Achtkarspelen wol wol meiwurkje, mar dan moat wol dúdlik wêze oft it plomfeefangbedriuw net foar oerlêst soarget op de nije lokaasje. Van der Veen wurket meast jûns en nachts en der steane wenhûzen op it bedriuweterrein.