Man mishannele troch groep

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige ynwenner fan Nes yn 'e gemeente Boarnsterhim is sneintemiddei op It_Hearrenfean mishannele troch in groepke manlju. It slachtoffer wie belutsen rekke by in fjochtpartij. Hy wie dêrby ferwûne rekke oan it gesicht en oan in hân.
Plysjes dy't foarby rûnen, hawwe de man fûn. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De fertochten binne yn in auto útnaaid.