Brantsje by Rentex Boalsert

By waskerij Rentex Floran yn Boalsert hat freedtemiddei in koarte bedriuwsbrân west. Yn ien fan de droegers ûnstie fjoer en dat soarge foar in soad reekûntwikkeling. De oarsaak dêrfan is ûnbekend.
In part fan it gebou is tydlik ûntromme en it fjoer is gau útmakke. Der rekke net ien ferwûne by it ynsidint.