Frijwilligers soas stappe op

© Omrop Fryslân
De acht frijwilligers fan de jeugdsoas It Badhûs op de Westerein binne ôfrûne sneon opstapt. Se binne it net iens mei it fuortgean fan de behearder fan de soas en de gong fan saken. De frijwilligers hawwe jierren aktyf west.
De stifting Welzijn Dantumadeel fynt it spitich dat de frijwilligers ophâlden binne. Toch komt de soas net yn gefaar. Der hawwe har al nije minsken oanmeld as frijwilliger.