Sintrale Harns wer tichterbij

It untwerp fan 'e enerzjysintrale
De reststoffe-enerzjysintrale dy't Omrin by Harns bouwe wol is wer in stap tichterbij. De provinsje hat de miljeu-effektrapportaazje goedkard. Dy saneamde MER is wichtich foar it ôfjaan fan in miljeufergunning.
De MER waard earder noch ôfkard fanwege flaters yn de berekkeningen, mar dy binne no oanpast. De nije rapportaazje leit fan nije wike tongersdei ôf op besjen by de gemeente Harns, de provinsje en it wetterskip.