Schaaf bliuwt muzyksintrum

muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert
B&W Ljouwert wolle noch net dalik ôf fan it kettingbeding dat op Muziekcentrum Schaaf sit. Dat beding hâldt yn dat by ferkeap fan Schaaf de nije eigner ferplichte is de funksje fan muzyksintrum troch te setten. Eigner Frans van den Borg wol it sintrum ferkeapje om't er de eksploitaasje net rûn krije kin.
Schaaf is lykwols dreech te ferkeapjen troch it kettingbeding. Der binne plannen foar in MFC mei apparteminten.