Oplossing brêge Wergea fûn

dit is de bewuste brêge
Pleatslik Belang Wergea hat sels in oplossing fûn foar it probleem mei de beweechbere brêge yn it midden fan it doarp. De gemeente Boarnsterhim wol dat de brêge ticht bliuwt. It doarp hat dêr grutte problemen mei. Foar in lytse 20.000 euro hat pleatslik belang in technyske oplossing betocht dy't de brêge beweechber hâldt.
Dat is in stik goedkeaper as de 4 ton dy't de gemeente nedich tinkt te hawwen om de brêge op te knappen.