Net opnij winst foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert hat de sensajonele winst fan tongersdei tsjin AZ net fêsthâlde kinnen. Yn Oss waard snein mei 3-2 ferlern fan Top Oss.
It earste doelpunt kaam op namme fan Zafarin fan Top Oss. Hy scoorde yn de earste helte. Yn de twadde helte wie it Rudy Jansen dy't de earste foar Cambuur makke. Dêrnei folgen noch goals fan De Groot en Rosalia foar Oss en Chris de Wagt foar Cambuur.