Van den Bent drok mei plannen

© Omrop Fryslân
De JP van den Bent stifting is yn Fryslân drok mei de nij- en ferbou fan wen- en wurkfoarmen foar minksen mei in handikap dy't selstandich wenje wolle. Op it stuit binne op 13 plakken plannen yn de maak of wurdt der boud.
Freedtemiddei is yn Drachten in nij appartemintekompleks yn gebrûk naam foar 12 kliënten. Bysûnder dêrby is dat der neist kliënten fan de stifting ek hierders en keapers yn de apparateminten wenje.