Yngling-boat 2e op EK

© Omrop Fryslân
De Yngling-boat mei Brechtje van der Werf út Snits en Marije Kampen út Starum is twadde wurden op it EK silen. It wie tongersdei stoarmwaar yn it Dútske plak Warnemünde, sadwaande koe der net syld wurde
De boat mei Van der Werf, Kampen en stjoerfrou Mandy Mulder stie nei woansdei twadde en dy stân waard ek de einútslach. De boat mei Marije Faber en Petronella de Jong is úteinliks fyfde wurden.