Geeuwbrêge Drylts stikken

© Omrop Fryslân
Ferkear kin op dit stuit net oer de Geeuwbrêge yn it sintrum fan Drylts. De brêge is stikken. Ek boaten kinne der net del. Der wurdt op dit stuit besocht de problemen te ferhelpen. Wannear't dat klear is, is noch net bekend.
Ferkear, sawol op de dyk as op it wetter, kin dus gjin gebrûk meitsje fan de Geeuwbrêge yn it sintrum fan Drylts.